Mobilisaasjetiid yn Noard-Brabân Pieter Fennema

Title in English
Mobilisation Noord-Brabant Pieter Fennema

Description
Heit Pieter Fennema kaam yn 1912 op foar syn nûmer. Yn 1914 waard hy foar de mobilisaasje op ‘e nij oproppen. Hy hat op ferskillende plakken mobilisearre west: Chaam, Goirle en Waspik. Yn Chaam hat hy ynkertierd west by Piet van Dun en syn frou, en sliepte yn harren skuorre. Heit hat ferteld dat sy murken dat de Dútsers België binnen foelen. Sy koenen dat hearre en as it tsjuster wie seagen se dat oan de skynsels fan de bombardeminten. En sa hearden en seagen se ek dat it front nei it westen opskode. Yn it gewoane libben wie hy lânabeider. Dat wienen lange dagen. De oarlochsjierren hawwe foar him en syn kameraden in moaie tiid west. Ien fan sy maten wie Liebbe/Libbe Bos fan Bitgummole. Dy leit ek neist him op it tsjerkhôf. Hy hat ek mei Dútse soldaten sprutsen. Dy soargen oan de oare kant fan de grins foar de bewaking. Foar it leger wie doe gjin jild. Der wie (te) min iten en winterdeis koe it kâld wêze. Foar de gek helle ien fan de soldaten in tekken fan bêd en die dy yn ‘e kachel. It wie sunichheid troef. Syn broer Poppe (berne yn 1899) hat yn Gaasterlân noch op wacht stien by it ynternearringskamp foar Belgyske militêren.De ansichtkaarten binne stjoerd nei Gerrit Franses Fennema yn Bitgum.

Summary description of items
48 Hele serie diverse ansichtkaarten vertuurd naar Gerrit Franses Fennema in Bitgum

Transcription status
Not started 100 %
Edit 0 %
Review 0 %
Complete 0 %
ID
18570
Source
http://europeana1914-1918.eu/...
Number of items
121
Person
Pieter Fennema
Born: March 10, 1893 in Bitgum
Died: December 10, 1960 in Bitgum
Origin date
1914 – 1918
Keywords
Home Front, Recruitment and Conscription
Location
Noord-Brabant
Contributor
A. Fennema
License
http://creativecommons.org/publicdomain/zero/1.0/
Collection day
LE10
  • 51.5046124||4.863333499999953||
    Mobilisaasjetiid yn Noard-Brabân Pieter Fennema

    Noord-Brabant

    Document:
    Mobilisaasjetiid yn Noard-Brabân Pieter Fennema

    View document

    ||